Fan it begjin ôf bin ik dielnimmer west oan it strjittefestival Easterbarren.
Foar my altyd in feest west om te spyljen. Foar it earste lustrum hat de organisaasje my frege in lustrumliet te skriuwen, en dat is fansels it bekende ‘Easterbarren’ wurden.
Tegearre songen mei Gebrich van Dekken is der ek in cd singel fan makke mei as doel jild te generearjen foar de ûnkosten fan it festival, en mochten tegearre de iepeningsekt dwaan. Dan komst foar in hiele grutte groep minsken te stean op in trailer. Machtig útsjoch en super om te dwaan.
Alle jierren sjoch ik út nei dit barren, en fiel my ek altyd tige wolkom.
Ek oan it publyk te fernimmen dat it wurdearre wurdt dat ik kom, en troch de jierren hinne is it wat in reunie wurden foar my mei in protte kunde yn Eastermar en omkriten.
Ien fan de bysûndere saken is wol dat ik yn 2000 mei Vel & Vanla nei sûd Frankryk reizige ha en yn de kunde kaam mei Fokke & Ella Benedictus, wêr ’t oant hjoed ta in goeie
bân mei ûnderhâld en alle kearen binne Fokke en Ella op it Easterbarren te finen.
Ferline jier by de 15e edysje mocht ik wer meidwaan oan de iepeningsekt tegearre mei Gedobr, lechery, Saxy Ladys, Simon Dijkstra en Adonis.
Wat ek sa bysûnder is , is dat der yn ferhâld hast gjin min waar west hat.
It is en bliuwt in sinne-ryk festival en ik hoapje der noch faaks sjonge te kinnen.
In grut komplimint foar de organisaasje en alle frijwilligers !!!
Freonlike groetnis,
Adri de Boer